Netwurken
In goed netwurk stiet en falt mei in goeie netwurkynfrastruktuer. Tradisjonele netwurkbekabeling en moderne WiFi netwurken, it is wat wêr’t Freez.it yn kin advisearje en ek it oanlizzen der fan is mooglik.
Foar fêste bekabeling makket Freez.it gebrûk fan goed ôfskerme CAT5E STP of FTP bekabeling wêr’t de kwaliteit fan it sinjaal optimaal is. STP (Shielded Twisted Pair) en FTP (Foilded Twisted Pair) binne minder gefoelich foar eksterne steuringsbronnen as voedingen en voedingskabels.
Ek triedleaze WiFi netwurken kinne troch ús opsetten wurde. Dit kin sawol binnen bedriuwen en skoallen as by hotels ,wêr’t der ek tagong foar gasten fia in betelle tagong wêze moat. Wy hawwe in brede ûnderfining hjirmei.
It knooppunt fan elk netwurk bestiet út ien of mear netwurkswitches. Hjirfoar brûkt Freez.it 3Com gigabit netwurkswitches. 3Com levert bewiisbere kwaliteit foar maksimale betrouberens en snelheid.

