Automatisearring

Servicekontrakten

Servicekontrakten

Foar apparatuer as servers, mar ek wurkstations wêr’t it absolute needsaak is dat se altyd operasjoneel binne, advisearret Freez.it in servicekontrakt. Yn gefal fan servicesteuring dogge wy ús úterste best om binnen 24 oeren in wurkjende situaasje op te leverjen. Wol dit net mei jo besteande apparatuer, dan pleatse wy sûnder kosten tydlike ferfangende apparatuer.

Klanten mei in servicekontrakt foar servers hawwe de heechste prioriteit.  Wy begripe as gjin oar hoe belangryk it is dat jo server wer flot en goed funksjoneert. Wannear’t jo in servicekontrakt foar jo server ôfslute, binne der yn it gefal fan steuring gjin reiskosten en jo hoeve ek gjin manoeren te beteljen. Ek de ûndersteuning per telefoan, e-mail en eventueel remote-behear is fergees.

Wy hâlde fan simpele heldere oplossingen. By folle conkullega’s hawwe se ferskillende kontrakten foar ûndersteuning op ôfstân, ûndersteuning op lokaasje en der moat ek noch reiskosten betelle wurde.  Dat fine wy te yngewikkeld. By ús is it tige simpel. In probleem is in probleem en dat moat gewoan sa gau mooglik oplost wurde. Of dit no op ôfstân, of op it plak self moat, dat is foar ús minder fan belang. Wy biede op servicegebiet 2 kontrakten: 1 foar kantoaroeren (wurkdagen fan 08.30 – 17.00) en fariant foar 24 x 7. By dizze lêste kinne jo ek jûns of yn it wykein ûndersteuning krije.

Ús servicekontrakten binne ynklusyf:

  • Alle man-oeren
  • Reiskosten
  • Ûndersteuning op ôfstân en op lokaasje
  • Prioriteit boven klanten sûnder kontrakt

Wy binne altyd berikber foar urginte steuringen. Bûten wurktiden kin jo ús steuringsnûmer brûke.

Ynformearje nei ús mooglikheden foar in servicekontrakt foar jo apparatuer.

  • Dell
  • affinity
  • Microsoft
  • sonicwall
  • Symantec
  • apc