Online Backup
Backup is ien fan de belangrykste saken yn in betroubere en heechweardich IT situaasje. De needsaak fan in goeie backup wurdt faak pas dúdlik yn gefal fan kalamiteiten. Hie ik mar…is spitigernôch in útspraak dy’t je faak hearre at it mis gongen is. In crash fan de hurde skiif, dieverij, brân, of gewoan it dom ferwiderjen fan belangrike bestanden, it kin allegear gebeure. Wês dit foar mei de betroubere online backupoplossing fan Freez.it.
Freez.it wurket útslutend mei de Online Backupmethode, backuppe fia ynternet. Troch middel fan in befeilige ynternetferbining wurdt elke nacht (hoe let dan ek) automatysk jo data fia jo breedband-ynternetferbining nei ús befeilige datacenter kopiearre. It moaie hjir fan is dat jo net mei tapes hoeve te wurkjen. Noait mear de cleaningtape yn de drive of eltse dei de backuptape mei nei hús nimme.
De foardielen fan Online Backup binne:
- Gjin ynvestearringen mear nedich yn djoere apparatuer, software en media.
- Sa goed as ûnbeheind útbreidber, net bûn en in fêste kapasiteitslimiet sa as by tape.
- Perfekte offside (bûten jo pand) backup.
- Elke wurkdei statuskontrôle troch Freez.it, jo haw der gjin omsjen nei.
- Tige gebruksfreonlik.
- De data is swierbefeiligd opslein (fersleuteling data, opslach yn swier befeilicht datacenter)
- Erg betrouber, mear betrouber as tape-backup.
It belang fan backup kinne we net faak genôch oanjaan! As jo ynteressearre binne, nim dan kontakt mei ús op foar in fergees en frijbliuwend proefaccount.

