VPN oplossingen
VPN stiet foar Virtual Private Networking. In technyk dy’t it mooglik makket om fia in publyk netwurk sa as ynternet befeilige tunnelferbiningen op te setten. Hjirmei kinne bygelyks bedriuwsfestigingen oan elkoar ferbûn wurde, sadat de data út festiging 1 te benei kommen wurd foar de meiwurker fan festiging twa en oars om.
Fjirder is it mooglik om mei dizze technyk thúswurkoplossingen te kreëarjen. Meiwurkers kinne fia dizze wei ynlogge op de saak fanôf thús. Thús by de agenda kinne, de email, de boekhâlding...it is in behoefte dy’t hieltyd faker foarkomt. Freez.it makket hjirby gebrûk fan profesjonele apparatuer fan SonicWALL om robúste, stabile en erch feilige ferbiningen mooglik te meitsjen.
De meiwurkers fan Freez.it hawwe by diverse grutte bedriuwen en skoallen komplekse VPN situaasjes opsetten.
Hawwe jo ynteresse? Freegje sûnder fjirder ferplichtingen nei de mooglikheden foar jo organisaasje!

